Famkes smoardronken ôffierd

13 des 2011 - 09:38

    Twa famkes fan 14 en 16 jier, werûnder in famke út Ljouwert, binne moandeitejûn nei it sikehûs brocht nei't se yn Hengelo in flesse wodka leechdronken hiene. De froulju wiene yn poppoadium Metropool yn Hengelo, doe't it mis gie. Aldere jonges hiene de fles drank foar de famkes kocht. Dy hiene se earst leech dronken, foar't se nei de popseal giene.

    De famkes binnne mei de ambulânse ôffierd nei it sikehûs.

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)