Famkes oppakt foar stellerij

01 apr 2007 - 15:14

By in rommelmerk yn it WTC Expo yn Ljouwert hat de plysje sneon 2 famkes fan 11 jier oanholden dy't guod stellen hiene. In standhâlder miste sinnebrillen en hold de famkes oan.

Doe't de plysje kaam, die bliken dat se seis sinnebrillen, twa sjaaltsjes, in earmbân, in boartersguodbist en snoep by har hiene. De famkes moasten mei nei it buro. De plysje ynformearre dêrnei de âlden en it guod waard werom brocht nei de eigners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)