Famkes oanriden troch snorfyts

08 maaie 2008 - 10:39

Yn de Ljouwerter binnenstêd binne woansdei twa famkes fan 14 en 15 jier ferwûne rekke nei´t se troch in 51- jierrige Ljouwerter op in snorfyts oanriden binne. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol. Hy riedt op de hoeke fan it Rutersketier en de Doelesteech en seach de famkes út Koarnjum en Stiens oer de holle.

De famkes hoegden net nei it sikehûs, se hiene allinnich wat kniezingen en skaafwûnen. De Ljouwerter moast syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)