Famkes oanhâlden foar dieverij

24 des 2008 - 09:44

De plysje hat tiisdeitemiddei yn in winkel oan de Dracht op It Hearrenfean twa famkes (13) oanhâlden op fertinking fan winkeldieverij. Ien fan harren waard troch personiel fan de winkel oansprutsen doe't se mei in pear skuon de winkel útrinne woe.

It alaarm by de doar gie ôf en dêrop waard de plysje der byhelle. Tegearre mei har freondintsje gie se mei nei it buro en dêr die bliken dat se beide belutsen wiene by de stellerij en yn mear winkels guod stellen hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)