Famkes fine tas mei wapens

13 aug 2008 - 11:10

Twa famkes fan 11 en 13 jier hawwe moandei yn De_Westereen in tas mei wapens fûn. De tas lei op in iepen terrein oan de Sleedoorn. Doe´t de famkes de tas fûnen, hawwe se fuortendaliks de plysje belle. Dy ûntduts dat it giet om in pistoal dêr´t baltsjes mei ôfsketten wurde kinne en in pistoal dêr´t knalpatroanen mei ôffjurre wurde.

Yn de omjouwing waarden ek in kapmes en in luchtbuks fûn. De plysje siket út wêr´t dy wapens weikomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)