Famkes ferwûne by ûngelok

06 nov 2005 - 15:49

Twa famkes binne sneon ferwûne rekke by in brommerûngelok yn Easterwâlde. De bestjoerster, in 15-jierrich famke út Appelskea, soe krekt fuortride doe't har passazjier, in famke fan 15 út Easterwâlde, efterop sprong.

Troch glêdens fan wiete blêden krige it eftertsjil gjin grip en skode de brommer ûnderút. Beide famkes rekken dêrby ferwûne en binne nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)