Famkes ferwûne op Skylge

22 apr 2007 - 12:57

Op de Dúnwei by Midslân op Skylge binne sneon twa famkes op in scooter slim ferwûne rekke by in ûngelok. Troch in hobbel yn de dyk rekke de bestjoerster de macht oer it stjoer kwyt en ried se de sleat yn. Beide famkes hiene gjin helm op.

De famkes binne beide oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. De famkes, fan 17 en 18 jier, kamen út Ljouwert en út Kollum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)