Famkes bedrige yn Frijheidswyk

13 aug 2004 - 12:22

De plysje ûndersiket in saak mei mishanling en bedriging yn de Frijheidswyk yn Ljouwert. Woansdei binne trije Ljouwerters oanhâlden. Twa fan har (14 en 16 jier) soene koart dêrfoar twa famkes fan 11 en 12 jier mei de dea bedrige hawwe. Derby soene se ek in houten roeispaan en in izeren staaf brûkt hawwe.

De heit fan ien fan harren bemoeide him mei de oanhâlding en waard mei pepperspray útskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)