Famke yn Ljouwert fermist

18 jun 2010 - 20:31

De 17-jierrige Manon Meulenbroek út Haarlem is sûnt freedtejûn fermist yn Ljouwert. It famke sit yn in ynstelling yn Ljouwert en hat dizze yn oerspannen tastân ferlitten.

Har begelieders meitsje harren soargen om't se tinke dat it famke harsels tekoart dwaan kin. De plysje hat in Burgernetaksje op tou set en hat ek Twitter ynskeakele. Manon Meulenbroek is 1.67 meter, hat brún hier en hie in jas oan yn de kleur goud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)