Famke yn 'e rêch skopt

27 apr 2008 - 17:46

It Wergea Festival hat dit wykein goed 2500 besikers lutsen. De grutste publykslûker wie it optreden dat de Golden Earring sneontejûn joech. Iennichste minpunt wie de mishanneling fan in famke fan 14 út Wurdum.

Se waard sneon yn de rêch skopt troch in jonge. It famke foel en koe dêrnei de fuotten net mear goed bewege. Se is nei it sikehûs brocht en it giet nei omstannichheden goed mei har. De plysje docht ûndersyk nei de mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)