Famke yn búk skopt yn trein

03 aug 2014 - 10:36

De plysje is op syk nei tsjûgen fan fjochterij yn de trein fan Snits nei Ljouwert. Eefkes nei tolve oere sneontenacht soenen twa jonges misledigings roppen hawwe. Guon reizgers hiene dêr argewaasje fan. Doe't it duo dêrop oansprutsen waard, kaam it ta slaanderij. Ien fan de jonges hat in famke fan 16 jier út Ljouwert yn it liif skopt. Se moast foar ûndersyk nei it sikehûs.

De twa draafden op it stasjon yn Ljouwert fuort. Ien fan harren, in man fan 19 jier út Culemborg, koe letter oanhâlden wurde. Nei de oare wurdt noch socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)