Famke út Frjentsjer fermist

14 jul 2010 - 14:58
  • Samira Zehouani

Yn Frjentsjer wurdt Samira Zehouani (17) fermist. Se is sneintemoarn fan hûs gien, neidat se wurden hân hie mei har âlden. Samira wennet op de Burgemeester Juckemastraat. Se hie in swarte spikerbroek oan, in griis himd en in t-shirt fan it bedriuw Hartman.

Se hie in griis learen jaske en kistjes oan. Samira hat swart hier, dat se meastentiids yn in klip draacht. Yn har nekke hat se in reade wynflek sa grut as in tomme. De plysje siket minsken dy't Samira sjoen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)