Famke út Drachten wer werom

29 aug 2004 - 16:09

It famke fan oardel jier út Drachten, dat sneontemiddei sûnder tastimming fan de mem meinaam waard troch har heit, is werom. De man hat it famke oan it begjin fan de jûn wer thús brocht.

It famke waard oan de ein fan de middei troch de heit yn syn auto meinaam. De man hie te folle dronken en riid mei hege snelheid troch Drachten. De âlden fan it famke binne skieden. De mem hat oanjûn gjin oanjefte tsjin de man te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)