Famke út Boalsert fermist

29 mrt 2010 - 15:39

De plysje is op syk nei in 16-jierrich famke út Boalsert dat sûnt freed fermist wurdt. It famke ferbliuwt yn behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen. Se hie freed mei trije oare bewenners der op út west. De oare trije kamen wol werom, it famke net.

Se stiet no sinjalearre by de plysje, wat betsjut dat alle plysjes nei har útsjogge. De plysje giet net út fan in misdriuw. It famke hat heallang donkerblond hier en is 1 meter 63 lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)