Famke út Balk wint fotowedstriid

22 jan 2006 - 14:11

De 15-jierrige Jeanet Kuit út Balk hat sneon de twadde priis wûn yn in fotowedstriid fan it Wereld Natuurfonds. It giet om in wedstriid foar bern oant en mei 15 jier.

De bern waard frege in natuerfoto yn te stjoeren. Jeanet makke in foto fan in kikkert en wûn dêrmei in trike, in step mei trije tsjillen. Mei inoar waarden 1200 foto's ynstjoerd. De fotowedstriid waard foar de fyfde kear hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)