Famke út Aldeberkeap ûntfierd

25 aug 2003 - 00:00

De plysje is moandeitemoarn mei in grutte sykaksje nei Lusanne van der Gun(11) út Aldeberkeap begûn. Lusanne fytste mei in oar famke nei skoalle doe't in ûnbekende man har oanspruts. It famke stapte by de man yn de auto en is sûnt dy tiid spoarleas.

De plysje makket gebrûk fan in helikopter en speurhûnen. Ek de plysje fan Drinte is op de hichte brocht. It oare famke koe ûntkomme en is ûnderfrege oer wat se sjoen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)