Famke swierferwûne by ûngelok

12 mrt 2006 - 12:50

In famke (10) út Koatstertille is freed swierferwûne rekke. Se fytste mei in freondintsje oer de Lytse Wei. In auto, bestjoerd troch in frou út De Harkema, woe de beide famkes ynhelje. Fan de oare kant kaam in auto bestjoerd troch in frou (20) út Droegeham.

Sy seach dat de oare auto ynhelle en makke in needstop. De auto rekke dêrby yn in slip en ried op de famkes yn. It slachtofferke fleach fia de motorkap en it foarrút oer it dak fan de auto hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)