Famke swierferwûne by oanriding Peins: auto rydt troch

17 nov 2015 - 20:31

In 17-jierrige fytster út Menaam is tiisdeitejûn op de Zweinserwei by Peins swierferwûne rekke. It famke waard oanriden troch in auto. De besjtoerder is nei it ûngelok trochriden. Foarbygongers fûnen it famke swierferwûne op strjitte lizzen. It slachtoffer is nei it UMCG-sikehûs yn Grins brocht.

De plysje hat in Burgernet melding útdien om út te sjen nei de automobilist. It giet om in donkere auto, dy't mooglik skea oprûn hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)