Famke swier ferwûne nei fal

31 mrt 2012 - 12:18

In famke (16) út Ljouwert is freed mei swiere ferwûnings nei it sikehûs fan Grins brocht, neidat se yn in gat fan fjouwer meter djip fallen wie. Se besocht diskoteek Quatrebras yn te kommen, mar waard wegere om't se neffens de portier ûnder ynfloed fan drank en drugs wie. Sy rûn fuort en foel doe yn it metersdjippe gat, de needútgong fan de ûnderste ferdjipping. Se rekke út de tiid en is mei de ambulânse nei it UMCG brocht. It famke hat in harsenkniezing, brutsen ribben en wervels en in heupfraktuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)