Famke swier ferwûne

19 jun 2010 - 11:41

Op It Amelân is freedtemiddei in famke fan 1 jier ferwûne rekke by in fal fan de trep. It famke siet mei noch in berntsje boppe achter it trepstekje. De âlders fan it famke wiene by it fakânsjehúske yn Bueren dwaande mei it útladen fan de auto.

Nei alle gedachten hat it trepstekje net goed ticht sitten en is it famke nei ûnderen fallen. It famke is mei ûnbekend letsel mei de traumahelikopter nei it sikehús yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)