Famke skopt yn Drachten

26 okt 2008 - 14:35

In 17-jierrige ynwenner fan Drachten is sneintemoarn betiid oanhâlden foar it mishanneljen fan in 16-jierrich famke. De jonge hie har yn in hoarekagelegenheid oan de Kaden yn Drachten skopt.

It personiel kaam direkt yn aksje werop't de jonge besocht út te naaien. Bûten rûn er streekrjocht yn de hannen fan surveillearjende plysjes. It famke hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)