Famke rêden út driuwsân

24 jan 2008 - 11:13
  • By Anne Steendam sit de skrik der noch goed yn
  • It gefaarlike terrein is no ôfset mei stekken en linten

In famke út Drachten is woansdei rêden út driuwsân yn har eigen wenplak. Dat wie oan de Sydwende dêr't grûnwurk dien wurdt foar de Drachtsterfeart. It famke boarte mei freondintsjes by in liembulte op it terrein. Trochdat der in soad rein fallen is, is ûnderoan de bulte in wiete, weake plasse ûntstien. It famke rekke dêryn fêst.

De brânwacht hat it famke derút helle. By de bulte boartsje wol faker bern. It terrein is no ôfset mei stekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)