Famke oppakt foar stekkerij

10 mrt 2007 - 14:35

In famke fan fjirtjin jier is freedtejûn oppakt op fertinking fan belutsenens by in stekpartij yn de Fryske haadstêd. Dat wie yn in wente oan de Konvoaistrjitte. Dêrby rekke in 23-jierrige frou út Ljouwert sa ferwûne dat se foar behanneling nei it sikehûs ta moast.

De fertochte is letter dy jûns oanhâlden yn it hûs dêr't sy wenne. Der is noch in oare fertochte, mar dy rint noch frij om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)