Famke op de fyts oanriden

14 nov 2013 - 16:36

In 16-jierrich famke út Noardwâlde is tongersdeitemoarn oanriden troch in ûnbekende autobestjoerder. It famke fytste om sân oere oer de Hoofdstraat Oost doe't se troch in swarte auto rekke waard. De bestjoerder fan de auto, in man mei swart hier en in bril, wie noch wol útstapt en hie ek syn ferûntskuldigings oanbean, mar hy wie dêrnei trochriden.

Nei ûndersyk yn it sikehûs die bliken dat it famke kniezings oprûn hie. De plysje is no op syk nei de autobestjoerder. Tsjûgen wurdt frêge kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)