Famke oerfallen yn Ljouwert

06 mrt 2011 - 11:54

Op de Archipelwei yn Ljouwert is sneontemiddei in famke (16) berôve. Se stie te beljen mei har Blackberry. Doe kaam der in man oan dy't har telefoan út de hannen skuorde en útnaaide yn de rjochting fan de supermerk oan de Canadezenlaan.

De plysje wol no graach yn kontakt komme mei minsken dy't mear sjoen hawwe. De oerfaller hie in blauwe mûtse op en in swarte jas oan. Minsken dy't mear witte, kinne kontakt opnimme mei de plysje op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)