Famke oanriden troch trekker

23 maaie 2007 - 10:20

In 17-jierige ynwenster fan Spangea is tiisdei ferwûne rekke doe't se oanriden waard troch in trekker. It famke stoppe mei har brommer achter in stilsteande trekker op de Hearrenfeansewei by Wolvegea.

De 17-jierrige bestjoerder fan de trekker hie it famke net sjoen en ried achterút. It famke besocht noch fuort te kommen, mar foel om en waard oanriden. Se is oerbrocht nei it sikenhûs op it Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)