Famke moat each misse

04 jan 2010 - 09:49
  • De strjitte dêr't it fjoerwurkynsidint barde

De plysje siket ien dy't mear wit fan it fjoerwurkynsindint yn Koudum freedtenacht. Dêrby rekke in famke (16) út Aldegea (G) sa slim ferwûne dat se in each misse moat.

Nei in popkonsert yn doarpshûs De Klink stie it famke mei in groep fan 40 jongeren op strjitte. In ûnbekende smiet fjoerwurk midden yn dy groep en rekke har. Tsjûgen melde by de plysje dat der nei it ynsidint ien in namme roppen hat en dêrnei fuortfytst is. De plysje wol graach mei de tsjûgen prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)