Famke mishannele yn Ysbrechtum

22 okt 2010 - 09:46

In famke fan 13 is earder dizze wike troch trije jonges mishannele op in fytspaad by Ysbrechtum. It famke waard troch ien fan de trije jonges fan har fyts skopt en foel op 'e grûn. Dêrnei waard se troch de trije fêstpakt en mei in skerp foarwurp yn it gesicht stutsen.

De jonges naaiden dêrnei út yn de rjochting fan Ysbrechtum. De plysje siket no minsken dy't mear oer de trije jonges fertelle kinne. Se binne in jier as 16.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)