Famke mishannele yn Rottefalle

16 sep 2002 - 00:00

In 14-jierrich famke fan 'e Rottefalle is sneon yn har wenplak mishannele troch in 31-jierrige man út Surhúster- fean. It famke siet yn in kafee doe't se sûnder oanlieding troch de man tsjin de holle slein waard.

Doe't plysjes de man oanhâlde soene, waarden se útskolden troch in tal barbesikers. In 40-jierrige ynwenner fan De Rottefalle waard dêrby oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)