Famke mishannele op Weaze

10 mrt 2011 - 09:58

De plysje hat woansdeitejûn in man fan 18 jier út Ljouwert oppakt foar mishanneling. Tsjin alven krige de plysje in melding dat der op de Weaze yn Ljouwert in famke stie mei bloed oan de holle.

It gie om in famke fan 17 jier út Koarnjum. Se fertelde de plysje dat se nei in rúzje mei in freon slein wie mei in hurd foarwerp. De plysje hat de man oanholden yn syn wenning. It famke waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)