Famke lestichfallen op camping

17 jul 2010 - 11:52

In famke fan 7 jier is dizze wike lestichfallen op camping de Wâldsang yn Bakkefean. It famke waard woansdeitemiddei op de camping oansprutsen troch in ûnbekende man.

Hy frege har it paad nei it boartersplak op de camping, mar besocht har doe mei te nimmen it boskpaad de Witte Singel op. It famke woe dat net en gie werom nei har mem. De plysje wol mei de man prate. Hy hat brún stikelhier, in oranje koarte broek mei deadskoppen en bledsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)