Famke lestich fallen

08 des 2007 - 00:29

Yn in parkje efter it tankstasjon oan de Badweg op De Gordyk is freed in minderjierrich famke lestich fallen.

It famke waard tusken fiif en seis oere oansprutsen troch in noch ûnbekende fytser. Wat der doe krekt bard is, is noch net bekend. De man is útnaaid. It famke is holpen troch in foarbygongster. Dy hat har thúsbrocht en is doe fuortgien sûnder bekend te meitsje wa't se is. De plysje siket kontakt mei dizze frou en oare tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)