Famke komt ûnder auto

09 jan 2007 - 11:07

In fytsend famke fan 12 jier is moandeitemiddei yn Warkum ferwûne rekke. Se stuts de dyk It Noard oer en hat dêrby nei alle gedachten net goed útsjoen. In 25-jierrige stedsgenoat dy't der mei de auto delried, koe har net mear ûntwike en in oanriding wie it gefolch.

It slachtoffer foel op 'e motorkap en dêrnei op 'e dyk. It famke is mei ûnbekend letsel mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)