Famke wer thús

02 jun 2014 - 13:01
  • De dug-out by it plysje-ûndersyk

It 7-jierrich famke dat hast twa wiken ferlyn slim ferwûne rekke by it dug-out-ûngelok yn Twizel is wer thús út it sikehûs. Dat meldt de gemeente Achtkarspelen. Neffens in wurdfierder fan de gemeente boartet se al wer bûtendoar.

By it ûngelok kaam in famke fan tsien jier om it libben en fjouwer oare bern rekken ferwûne. Trije fan harren, twa jonges fan 10 en in famke fan 9 jier, koene net lang nei it ûngelok wer nei hûs ta.

Achtkarspelen is ûnderwilens klear mei de ynspeksje fan alle stiennen dug-outs op de sportfjilden yn de gemeente. Twa binne ôfbrutsen, omdat se net mear yn goede steat wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)