Famke Frjentsjer spoarleas

16 jul 2010 - 11:29
  • Samira Zehouani

De plysje hat noch gjin idee wêr´t it 17-jierrige famke út Frjentsjer is, dat sûnt sneintemoarn fermist wurdt. Samira_Zehouani ferliet sneintemoarn har âlderlik hûs nei in rúzje. Se is dêrnei net mear sjoen.

De plysje hat wol tips oer it famke krigen, mar dy hawwe neat konkreets opsmiten. De tips kamen binnen nei oanlieding fan in opspoaringsberjocht op de webside fan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)