Famke foar Doutzen Kroes

30 jul 2014 - 16:03
  • Dochter Doutzen Kroes 'Myllena Mae'

Doutzen Kroes is befallen fan in dochter. Dat meldt Nu.nl. It famke hat de namme Myllena Mae krigen. Dat skriuwt har man Sunnery James woansdei op syn Instagram profyl. It is it twadde bern fan it Fryske topmodel út Eastermar en Sunnery. Earder krigen se al in jonkje Phyllon, dy't no 3 jier is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)