'Famke' foar digitale argeology

16 nov 2004 - 10:36

Alle gemeentes moatte fan takommend jier ôf ferplichte argeologysk ûndersyk dwaan op plakken dêr't sy mei de skep de grûn yn wolle. Omdat gemeentes lang net altiten witte wat der yn 'e grûn sit, hat de provinsje alle argeologyske ynformaasje digitaal fêstlein.

It nije systeem foar argeologyske ynformaasje hjit FAMKE en is moandei foar it earst publisearre op 'e website fan 'e provinsje. It is it doel om FAMKE geregeld by te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)