Famke ferwûne troch fjoerwurk

09 jan 2005 - 14:39

In famke fan fiif jier út Ljouwert is swier ferwûne rekke troch fjoerwurk. Har 28-jierrige mem hat dêrfan oanjefte dien by de plysje.

Op âldjiersjûn is der fanút de tún fan de frou fjoerwurk yn har hûs goaid. Har dochter rekke dêrtroch swier ferwûne oan de holle, nekke, hannen en earms. It famke leit yn it sikehûs yn Grins. De plysje ûndersiket de mishanneling en siket de dieders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)