Famke ferwûne nei stjoerflater

27 sep 2014 - 11:13

In famke fan 19 út Langsweagen is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok oan de Plasse yn har wenplak. It famke siet by har heit yn in bestelbuske. De heit rekke de macht oer it stjoer kwyt, doe't er besocht by te stjoeren neidat er mei de tsjillen yn 'e berm kaam wie. It buske bedarre yn 'e sleat. It famke is mei ferwûnings oan 'e rêch en holle oerbrocht nei it sikehûs.

Har heit koe op it plak fan it ûngelok behannele wurde. De mem, dy't ek yn it buske siet, kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)