Famke ferûngelokke op Skier

30 jul 2008 - 13:49

Op Skiermûntseach is woansdeitemoarn in famke om it libben kaam nei in oanriding mei in bus.

It famke fytste mei har âlders op it eilân. Se foel troch noch ûnbekende oarsaak fan har fyts op de dyk. Krekt op dit tiidstip kaam der in bus oan. De bussjauffeur koe it bern net mear ûntwike. Oer de identiteit fan it slachtoffer is noch neat bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)