Famke ferstoarn nei ûngelok

13 jan 2005 - 16:09

It 9-jierrich famke dat woansdeitemoarn by in ûngelok yn Hallum slim ferwûne rekke, is oan dy ferwûnings ferstoarn. De plysje hat dat bekend makke.

By it oerstekken fan'e Ljouwerterdyk kaam se ûnder in frachtwein. De wein kaam dêrnei mei it famke yn 'e sleat telâne. Omstanners hawwe har op 'e wâl brocht. It ferkear is oant jûns healwei njoggen omlaat oer de Hallumer Hoeke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)