Famke fan tas bestellen

01 apr 2010 - 10:41

In 18-jierrich famke út Drachten is tongersdei yn har wenplak bestellen fan har tas. Se fytste op it fytspaad tusken de Meer en de Orion, doe't der ynienen in man foar har opdûkte. Under bedriging fan in mes pakte er har tas ôf. Dêrnei naaide er út.

De plysje hat mei help fan hûnen de omjouwing ôfsocht, mar hat de oerfaller net fûn. Minsken dy't wat sjoen ha, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)