Famke fan beurs bestellen

01 des 2013 - 11:18

Op de Drift yn Drachten is in famke sneontemiddei fan har beurs bestellen. Dy siet yn in tas dy't se oan it fytsstjoer te hingjen hie. Se rekke yn petear mei twa jonges fan 16 en 17 jier. Letter kaam se derefter dat har beurs fuort wie, en se warskôge de plysje.

De plysje hat de beide jonges opspoard. De 17-jierrige fertochte koe sneontemiddei noch oanhâlden wurde. De 16-jierrige is sneintemoarn betiid oppakt troch de plysje. Beide jonges binne foar ûndersyk yn de sel set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)