Famke fan 14 omkommen by botsing

03 feb 2004 - 00:00

In famke fan 14 jier út Makkum is tiisdeitemoarn by har wenplak om it libben kommen. Se fytste op it fytspaad by de Weersterwei en woe by it oerstekplak de dyk oerstekke. Op dat stuit kaam der in auto oan út de rjochting fan Makkum. In botsing wie it gefolch.

It famke wie op slach dea. De auto waard bestjoerd troch in man fan 23 jier út Makkum. Helptsjinsten waarden oproppen, mar koenen neat mear dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)