Famke falt yn Amelanner put

13 mrt 2010 - 14:16
  • De put is sneon fuortendaliks tichtsmiten (foto's Dirk Visser)
  • Amelanner brânwachtminsken by de put

In famke fan acht is sneontemoarn op it Amelân yn in fiif meter djip gat fallen. It giet om in gat yn de dunen by Hollum, dêr't net ien it bestean fan wist. Mooglik is it in put út de Twadde Wrâldoarloch. De put hat in trochsneed fan sa'n 80 sentimeter.

It famke is troch de brânwacht mei in ljedder en in stik tou út it gat helle. Se hat gjin ferwûnings oan har fal oerhâlden. Rykswettersteat lit de put hjoed noch folsmite mei sân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)