Famke (9) mei nekkramp opnaam

06 jun 2002 - 00:00

In 9-jierrich famke út Dongeradiel is yn it sikehûs opnommen mei ferskynsels fan nekkramp. Nekkramp wurdt feroarsake troch de meningokok-baktearje.

It is noch net dúdlik oft it om de B- of de C-fariant giet. De tastân fan it famke is stabyl. Famyljeleden wurde út foarsoarch mei antybiotika behannele. Yn Fryslân is woansdei krekt de grutte meningokok-faksinaasjekampanje begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)