Famke (6) komt om by oanriding

08 jul 2004 - 15:48

In famke fan seis út Apeldoorn is woansdei ferstoarn nei in oanriding op Skylge. It famke stuts by Midslân oan see samar ynienen de Heerewei oer. Der kaam op dat stuit in lyts frachtweintsje oan. De sjauffeur dêrfan koe it bern net mear ûntwike.

It famke is mei swiere ferwûnings oan de holle mei de traumahelikopter nei it akademysk sikehûs yn Grins brocht. Dêr is se woansdeitejûn ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)