Famke (2) út Drachten stoarn

04 apr 2010 - 13:12
  • It plysjeburo fan EIndhoven yn Brabân

In famke fan 2 jier út Drachten is sneon yn it sikehûs yn Eindhoven stoarn. In frou (20) út Valkenswaard en de mem út Drachten (21) hiene de swier ferwûne pjut moarns nei it sikehûs brocht. Dêr is it famke letter stoarn. De plysje hat de froulju yn it sikehûs oanhâlden. De plysje giet út fan in misdriuw en fertinkt de froulju fan belutsenheid by de dea.

Moandei wurdt seksje dien. Acht resjersjeurs ûndersykje de saak. De froulju binne yn sekering steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)