Famke (19) swier mishannele

06 apr 2010 - 16:09

In famke (19) út Warkum is yn de nacht fan sneon op snein swier mishannele. Se fytste om healwei fiven mei in freon fan Hylpen nei hûs ta. Op de Lange Leane kamen se by de spoaroergong trije jonges út Koudum tsjin. Letter helle it groepke harren yn en ûntstie der in botsing.

Yn de rûzje waard it slachtoffer ferskate kearen yn it gesicht slein. In jonge (18) sloech har sa hurd, dat er syn eigen hân bruts. It famke wie swierferwûne en se ferlear trije tosken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)