Famke (17) omkommen by ûngemak

03 sep 2003 - 00:00

In 17-jierrich famke út Feanwâlden is tiisdei ferstoarn by in ûngelok op de Monnikewei yn Suwâld. It famke siet by in 19-jierrige Hurdegarypster yn in auto dy't út de bocht fleach en dêrby oer de kop sloech. De auto kaam yn in sleat telâne.

De ynsittenden binne troch jagers út de auto helle. It famke is per ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan Ljouwert en dêr ferstoarn oan har ferwûnings. De bestjoerder rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)